top of page
Image by Brooke Cagle
Wêrom WikiFroulju?
Why WikiWomen?

Froulju binne te min represintearre op Wikipedy. Wy bringe dêr feroaring yn troch learlingen yn minderheidstaalsituaasjes te learen hoe’t se harren eigen artikels skriuwe kinne.

​

Wy bringe skoallen, Wikipedy-organisaasjes en taalorganisaasjes yn Europa byinoar om Wikipedy te brûken as metoade om learlingen digitale feardigens, sosjale belutsenens en taalfeardigens te learen. Learlingen wurde begelaat yn harren ûndersyk nei froulju dy’t noch net op Wikipedy stean en se skriuwe artikels oer harren yn harren nasjonale en minderheidstalen om de ferhâlding tusken man en frou op Wikipedy rjocht te lûken. Yn dit projekt ûntwikkelje se harren digitale en ûndersyksfeardigens en leare se in ynformearjende tekst te skriuwen yn de minderheidstaal. Dêrneist drage se by oan de online oanwêzigens fan harren minderheidstaal.

Wikipedy as metoade

De wrâld feroaret en de manier dêr’t wy ynformaasje op fine ek. De hoemannichte data dy’t beskikber is yn in inkelde sykmasine is ûnbetinklik. Mar wylst safolle ynformaasje foar it gripen leit, moatte wy noch wol leare hoe’t wy dêrtrochhinne navigearje kinne. Wy moatte leare hoe’t we betroubere ynformaasje fine kinne, neigean wat we online fine en relevante ynformaasje fine wannear’t dat digitaal net fuort tagonklik is.

​

It skriuwen fan in Wikipedy-artikel biedt learlingen in goeie manier om dizze feardigens te learen – se kinne sawol online en offline boarnen brûke en it proses fan it online publisearjen fan harren wurk meimeitsje, wat op himsels wer as in boarne foar oaren tsjinje sil.

Image by Oberon Copeland @veryinformed.com
Image by Unseen Histories

Fergetten froulju

Yn de wrâld fan Wikipedy binne froulju tige te min represintearre. Datselde jildt foar biografyen yn biblioteken en argiven, en sels yn skiednisboeken.

 

Dizze ûnbalâns reflektearret de bredere posysje fan froulju yn de mienskip en yn de skiednis. Wy fine it wichtich om dy ûnbalâns oan te kaarten. Dêrneist is it wichtich om minderheidstalen te brûken om mei te dwaan oan maatskiplike diskusjes en bewegingen fan hjoed-de-dei mei te dwaan, om derfoar te soargjen dat se relevant bliuwe foar de generaasjes fan de takomst.

​

Dêrom wurkje we gear mei learlingen om mear ferhalen fan froulju ta libben te bringen op Wikipedy! Wy nûgje harren út om te reflektearjen op gendergelikens yn dit projekt. Se sille mear begripe fan de strukturele en histoaryske redenen fan dizze ûnbalâns. Tagelyk leare se harren minderheidstaal en digitale feardichheden.

Minderheidstaalpraters fan de takomst

Wikipedy is mear as allinnich in plak om fan de wrâld te learen. It is ek in goeie metoade om minderheidstalen te behâlden en te stimulearjen, dy’t faak ûndersnijd wurde troch gruttere, dominantere talen. Dêrom moat it gebrûk fan en de feardigens yn minderheidstalen stimulearre en beholden wurde foar de takomstige generaasjes.

​

Om dizze talen te behâlden moatte we se relevant meitsje yn it digitale tiidrek – en dat betsjut dat we derfoar soargje moatte dat se represintearre binne op Wikipedy!

​

Trochdat Wikipedy ‘open source’ is - dat betsjut dat eltsenien it rjocht hat wat op Wikipedy stiet te besjen en te brûken, oan te passen en te ferbetterjen - kinne wy as yndividuele brûkers in echt ferskil meitsje. De Welsh Wikpedy bygelyks hat gendergelikenens al foarinoar krigen yn harren biografyen.

Image by Annie Spratt
bottom of page