Yn it wykein fan 11 oant 13 maart 2022 hat de earste partnergearkomste fan it WikiWomen-projekt west, yn Ljouwert. It wie foar de fjouwer dielnimmers út Baskelân en de trije út Ierlân harren earste besite oan Fryslân. Neist in delegaasje út dy twa lannen wiene ek de partners út Fryslân, Learning Hub Friesland, Fryske Akademy-Mercator en de Afûk, oanwêzich.
De earste gearkomste wie yn de kapel fan de Blokhúspoarte, no ûnderdiel fan dbieb. De fokus lei benammen op it dielen fan kennis en ûnderfining, mar ek op de earste stappen dy’t it ynternasjonale konsortsium de kommende moannen sette sil. Middeis wie der tiid foar in tematyske stedskuier oer de Fryske taal en kultuer en bysûndere Fryske froulju fersoarge troch A guide to Leeuwarden. Sneintemoarn waarden yn it Oranjehotel alle ins en outs besprutsen oangeande it projekt-management en de kommunikaasje. De partners sjogge werom op in tige slagge wykein en sjogge út nei de fierdere gearwurking de kommende trije jier.
WikiWomen is in gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân en trije Fryske kennispartners om Wikipedia yn Europeeske minderheidstaalgebieten te brûken as in middel om digitale belêzenens, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.
Foto: Jacob van Essen, Fotobureau Het Hoge Noorden.
Op de foto fan links nei rjochts:
Boppeste rige: Simon Tubb and Anastasija Zareckyte (Learning Hub Friesland), Welmoed Sjoerdstra (Afûk), Rebecca O'Neill (Wikimedia Ireland), Faela Mhic Dhomnaill (Coláiste Oiriall), Cor van der Meer and Inge Heslinga (Frieske Academy/Mercator) , Galder Gonzalez Larrañaga (Euskal Wikilarien Kultura Elkartea).
Underste rige: Róisín UíChuinn (Coláiste Oiriall), Mirjam Vellinga (Afûk), Edurne Agirre Iturbe (Euskal Wikilarien Kultura Elkartea), Xabier Alberdi and Lorea Corcuera (Antigua Luberri BHI).
Comentarios