top of page

Wikipediatrainingen en lesmateriaal ûntwikkelje foar WikiWomen-projekt

Wy kenne Wikipedia allegear as in fergees tagonklike online ensyklopedy, mar hoe wurket it eins presys? En hoe kinst it brûke op skoalle om saken as taalfeardigens, boarne-ûndersyk en oare ûndersykswizen te learen? Fan 27 oant en mei 30 juny wienen dosinten en ûnderwiismeiwurkers út Fryslân, Ierlân en Baskelân (Spanje) yn Baskelân foar in partnerbyienkomst fan it WikiWomen-projekt. Sy learden dêr alles oer it brûken fan Wikipedia op de middelbere skoalle.


Wikipedia brûke yn de les

Galder Gonzalez fan Wikimedia Baskelân fertelde alles oer Wikipedia: hoe’t it ûntstien is, hoe’t it wurket en hoe’t je it brûke kinne yn de les. Dêrnei koe elts sels oan de slach mei it bewurkjen en ferbetterjen fan Wikipediasiden. Yn oare lannen wurdt Wikipedia hieltyd mear brûkt as learmetoade op skoallen. Bygelyks om te learen hoe’t je boarne-ûndersyk dogge, wat goeie en wat net goeie boarnen binne en hoe’t saken as copyright wurkje. Yn ús hieltyd mear digitalisearre wrâld fol mei ‘fake news’ wurdt dy feardichheid hieltyd relevanter.

WikiWomen-Projekt

Neist de Wikipediatrainingen kamen ek de partners fan it WikiWomen-projekt gear foar de folgjende stappen yn dit trije jier duorjende projekt. Yn oparbeidzjen mei de dielnimmers fan de Wikipediatrainingen kamen yn in kreatyf petear de earste konkrete ynfollings foar it úteinlike doel op papier: it ûntwikkeljen fan lesmateriaal foar middelbere skoallen dêr’t Wikipedia yn brûkt wurdt om digitale feardigens, sosjale belutsenens en taalfeardigens yn de minderheidstaal te learen en dêr’t biografyen oer froulju sintraal yn steane. Eltsenien folle inoar goed oan mei de ferskillende eftergrûnen en de earste ideeën fan it lesmateriaal soargen foar mear en mear entûsjasme.


Wikithons

Yn maart fan 2023 is de folgjende gearkomste, yn Monaghan, Ierlân. Tsjin dy tiid is de earste ferzje fan it lesmateriaal op Fryske, Ierske en Baskyske skoallen probearre en geane in oantal dosinten en learlingen mei op útwikseling. Dy útwikseling bestiet út in soarte fan ‘Wikithons’, dêr’t de learlingen út de ferskillende lannen mei inoar yn kontakt komme en mei-inoar oan harren Wikipediateksten wurkje. Dêrnei sille de materialen fierder útwreide en ferbettere wurde.

Op de foto fan links nei rjochts:

Boppeste rige: Anastasija Zareckyte (Learning Hub Friesland), Edurne Agirre Iturbe (Euskal Wikilarien Kultura Elkartea), Simon Tubb (Learning Hub Friesland), Mirjam Vellinga (Afûk), Eugene Eichelberger (Wikimedia Community Ireland), Stephan Berger and Lisa Boersma (Afûk ).

Middelste rige: Galder Gonzalez Larrañaga (Euskal Wikilarien Kultura Elkartea), Faela Mhic Dhomnaill (Coláiste Oiriall), Shannon Eichelberger (Wikimedia Community Ireland), Lorea Corcuera (Antigua Luberri BHI), Sean Ó Máirtín (Coláiste Oiriall) and Inge Heslinga (Friesian Academy) /Mercator).

Underste rige: Aiora Mujika (Euskal Wikilarien Kultura Elkartea), Anna Marije Bloem (Cedin), Xabier Alberdi (Antigua Luberri BHI), Róisín UíChuinn (Coláiste Oiriall) and Welmoed Sjoerdstra (Afûk).

Comments


bottom of page