WikiWomen: Minderheden yn it sintrum
Doch mei oan in ynspirearjende middei op 20 novimber fan 15:00 oant 17:00 oere yn de Stadskas yn Ljouwert! Harkje nei learlingen, dosinten en kultuerprofessionals út Fryslân, Ierlân en Baskelân, dy't harren ûnderfiningen diele oer it brûken fan Wikipedia om gender- en taalûngelikens te bestriden.
Wat kinne jo ferwachtsje?
​
-
Persoanlike ferhalen en ynteraktive sesjes
-
Untdek hoe’t Wikipedia minderheidstalen befoarderet en froulju online better represintearret
-
Brûk de WikiWomen-resultaten om digitale en ûndersyks- en taalfeardichheden te ferbetterjen yn jo wurk of ûnderwiis.
​
Wolle jo mear meimeitsje? Jo binne fan herte útnûge foar it jûnsprogramma!
Klik HJIR foar mear ynformaasje oer de jûns Edit-a-thon.
​
As jo oan beide eveneminten dielnimme wolle, hoege jo it mar ien kear yn te foljen.
​
​
15:00 – Ynrin
15:15 – Iepening
16:30 – Learlingen, dosinten en kultuerprofessionals diele harren ûnderfiningen mei WikiWomen en litte sjen hoe’t jo dizze materialen ek brûke kinne.
17:00 – Ofsluting
​Hâld der rekken mei dat wy by oankomst jo hantekening nedich binne, en der foto’s en fideo’s makke wurde tidens it evenemint.